BFVW wol guozzen oanpakke

23 maaie 2014 - 20:01
  • Pauguozzen

Fryslân moat sa gau mooglik maatregels nimme tsjin de guozzen yn us provinsje. Dy oprop komt, opmerklik genôch, fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten, it BFVW. Neffens it BFVW soe deputearre Kramer beslúte moatte om de guozzen oan te pakken om sa de skea foar boeren te beheinen. It BFVW hopet dat de boeren dan ree binnen om harren mear yn te spannen om maatregels te nimmen om de oare fûgels yn de greide te beskermjen. De provinsje is der oant no ta net yn slagge om in akkoart te berikken mei alle belutsen partijen oer de oanpak fan guozzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)