BFVW tsjin 'kattemoasje'

25 nov 2013 - 17:21
  • It boerd mei de kat en de jager.

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten ropt Provinsjale Steaten op fûl te protestearjen tsjin in oannommen moasje yn de Twadde Keamer, dy't it ôfsjitten fan ferwylderde katten ferbiedt. Neffens it BFVW binne ferwyldere katten in pleach foar greidefûgels. Yn it briedseizoen gean alle jierren tsientûzenen piken fan greidefûgels dea troch de katten. Boppedat fersteure de katten it briedproses fan de fûgels.

It BFVW waard twa wiken ferlyn bot ferrast troch de oannommen moasje yn de Twadde Keamer.

In tsjinmoasje fan Provinsjale Steaten soe it kabinet op oare gedachten bringe moatte, seit foarsitter Rendert Algra fan it BFVW.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)