BFVW teloarsteld yn Jorritsma

10 aug 2013 - 10:48
  • De earste ljipaaien wurde dit jier yn it fjild lottere
  • Rendert Algra

It BFVW is teloarsteld yn kommissaris fan de Kening John Jorritsma. It fûgelbûn hie in fersyk dellein om yn de takomst it earste ljipaai dat fûn wurdt lotterje te litten troch Kening Willem Alexander. Der is sels in spesjale skaal foar makke. Mar it BFVW hat yn in brief fan de kommissaris te hearren krigen dat dit net barre sil.

It lotterjen bliuwt in taak fan de kommissaris fan de Kening. Yn it brief stiet ek dat skaal bewarre wurdt. Foarsitter Rendert Algra fan it BFVW fynt dit spitich. Neffens him is de skaal dêr net foar makke.

Algra hat ek net it idee dat kommissaris Jorritsma bot syn bêst dien hat om de Kening waarm te meitsjen foar it lotterjen fan it earste ljipaai.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)