BFVW: tel meinommen ljipaaien

01 okt 2008 - 17:10
  • BFWV wol meinommen ljipaaien telle

It BFVW wol in telsysteem foar it tal ljipaaien dat troch aaisikers meinommen wurdt. Dat plan hat it Bûn fan Fryske Fugelwachten betocht om oan de easken fan de Steatsried te foldwaan.

Earder dit jier hie de ried besluten dat de kontrôle op ljipaaien better moat. It bûn siket in bedriuw dat soks goed registrearje kin. It earste kontakt is lein mei it bedriuw NatuurNetwerk út Vaasen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)