BFVW skrikt fan safolle boetes

12 apr 2003 - 00:00

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten is ferbjustere troch it grutte tal aaisikers dat op 'e bon slingere is. De plysje hat de ôfrûne wiken ien op 'e fiif aaisikers in bekeuring jûn. Meiinoar giet it om 71 bekeurings. Foarsitter Osinga fan 'e BFVW skrikt der fan dat safolle minsken yllegaal it fjild yn geane te aaisykjen.

De oertredes wiene of net yn it besit fan in neisoarchpas of se hiene mear as 15 aaien by har.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)