BFVW ropt gjin offisjele 'earste ljipaai' út fanwege ferbod

06 mrt 2015 - 21:49

Fûgelwachtersbûn BFVW ropt dit jier gjin earste ljipaai út. Dat sei foarsitter Rendert Algra freedtejûn op de jiergearkomste fan it bûn. Yn in folle seal yn Earnewâld stie Algra stil by it ferbod op it meinimmen fan ljipaaien. Aaisikers moatte harren net te fûl uterje oer de foarstanners fan it ferbod, fynt er.

It BFVW ropt boeren dy't lêst hawwe fan de mûzepleach op om by it opknappen fan it lân rekken te hâlden mei greidefûgels. Sa soene boeren net kieze moatte foar it rapst groeiende gers, mar foar gers dat goed is foar de fûgels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)