BFVW komt mei krisisplan

06 mrt 2010 - 16:55

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten BFVW komt mei in krisisplan om de greidefûgelstân yn Fryslân op peil te hâlden. Dat waard freedtejûn yn Earnewâld bekend op de jiergearkomste fan de fûgelklup.

It giet min mei de greidefûgels. Mar ien op de fiif pykjes groeit út ta in folwoeksen fûgel. Heechste tiid foar de natuerklups om yn te gripen. Sa meie der bygelyks minder ljipaaien meinaam wurde en binne Fryske Gea-gebieten ferbean foar aaisikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)