Bewusteleas op 'e dyk

05 maaie 2012 - 15:05
  • Plysjemotor

In bussjauffeur hat freedtenacht in dronken scooterbestjoerder bewusteleas op strjitte fûn. De 19-jierrige ynwenner fan Dronryp wie op de Ryksstrjitwei by Frjentsjer ûnderút gien.

De bussjauffeur seach de man út de tiid op strjitte lizzen en warskôge de plysje. De man bliek djip yn sliep te wêzen en rûkte bot nei drank. Hy is mei de ambulanse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)