Bewenster komt ynbrekker oer it mad en wurdt mishannele

17 nov 2014 - 09:53
  • Geweld

In 61-jierrige ynwenster fan Grou is sneintemoarn mishannele troch in ynbrekker. De frou waard moarns wekker fan leven yn 'e keamer. Doe't se nei derhinne gie, stie se ûnferwachts each yn each mei in ynbrekker. De man mishannele en bedrige de frou. Hy naaide dêrnei út mei de bút.

De frou wie bot skrokken en se warskôge de plysje. Dy hat in buert- en spoare-ûndersyk dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)