Bewenster komt ynbrekker oer it mad

13 apr 2015 - 12:56
  • (argyffoto)

In 44-jierrige man út Easterwâlde is sneintejûn yn Gouda oanhâlden nei't er ynbrutsen hie yn in wenhûs. De man naaide út nei't de bewenster him trappearre hie.

De frou koe in goed sinjalemint trochjaan. De plysje hie de man gau te pakken. It is net bekend oft de man guod stellen hie. De plysje docht fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)