Bewennersbedriuw yn Ljouwert

19 feb 2013 - 20:32

Yn de wyk Heechterp-Skieringen yn Ljouwert wurdt ynkoarten it earste bewennersbedriuw fan Nederlân iepene. Dit is in bedriuw, fan, foar en troch de bewenners en is in eksperimint fan it lanlik gearwurkingsferbân oandachtswiken. De bedoeling is dat de bewenners sels har buert ekonomysk, fysyk en sosjaal ûntwikkelje. Yn Ljouwert binne plannen betocht foar it ûntwikkeljen fan grien, de oanpak fan ôffal, der is in kateringbedriuw opset en portiken sille skjinmakke wurde.

Sa wurdt de leefberens yn de wyk ferbettere en kinne minsken betelle oan it wurk. Mei-inoar wurde yn Nederlân tsien bewennersbedriuwen oprjochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)