Bewenners wiken wolle ynintsje

17 aug 2001 - 00:00

Bewenners fan de Fryheidswyk en de wyk Bilgaard yn Ljouwert wolle dat de GGD begjint mei it ynintsjen fan de bern tsjin de meningokok-baktearje. Neffens de minsken kin allinnich sa de ûnrêst weinommen wurde. By de GGD kamen al in soad tillefoantsjes binnen fan ferûntrêste âlden.

Freed hat de gemeente Ljouwert mear as 2000 brieven by de minsken ferspraat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)