Bewenners Wielepôle lilk op SBS6

16 mrt 2005 - 17:26

De Ljouwerter wyk Wielepôle komt yn ferset tsjin televyzjestjoerder SBS6. Se steane net achter it programma 'Probleemwijken' oer har buert. Troch de foarfilmkes op SBS6 en in ynterview mei de makkers yn de krante, krije se it gefoel dat de wyk der tige ûnfoardelich útkomt.

Om't de bedoeling fan SBS6 net dúdlik is, fiele de bewenners har mislaat. Se woene it program opkeare mar dat slagge net. It wurdt tongersdei útstjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)