Bewenners werom nei Berchhiem

08 sep 2014 - 06:03
  • De bûtenkant fan it nije Berchhiem
  • It Grand Kafee fan Berchhiem
  • De sintrale hal fan Berchhiem

De earste bewenners fan soachsintrum Berchhiem yn Burgum ferhúzje tiisdei werom nei it nije gebou. Yn de rin fan de wike sil it gebou stadichoan folrinne. De nijbou biedt plak oan 73 minsken. It nije Berchhiem hat in moderne útstrieling en ek de ynrjochting mei romme keamers, in grand-kafee en in winkel is modern.

It wurk dat no plakfynt, is ûnderdiel fan faze twa fan de nijbou fan Berchhiem. Der komt noch in tredde faze, mar hoe en wannear't dat wurk krekt útfierd wurdt, is ôfhinklik fan de ûntwikkelings yn de soarch de kommende jierren.

It bouproses sette yn septimber 2012 útein. Yn it nije gebou is rekken holden mei de duorsumens. Nei alle gedachten wurdt it nije Berchhiem yn desimber offisjeel iepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)