Bewenners Wergea tsjin beammekap

16 aug 2015 - 12:01
  • Protest yn Wergea tsjin it kappen fan beammen

Yn Wergea wolle buertbewenners moandei de kap fan beammen tsjinhâlde. Se sizze dat se freed konfrontearre waarden mei buorden yn de Van den Bergstrjitte dêr't op stiet dat der beammen omseage wurde sille.

Earder is de buert dêr net oer ynformearre. Ek is neffens de bewenners ûndúdlik watfoar beammen oft kappe wurde. Der steane twa populieren, mar ek in esdoarn en in ikebeam. Om foar te kommen dat de roaiers betiid oan de slach geane, binne teksten op de beammen ophongen.

Bewenners wolle der sels ek wêze om it wurk tsjin te hâlden. De beammen binne fan wenningboukorporaasje Elkien. Yn reaksje op in fraach fan Omrop Fryslân seit de wurdfierder dat se it spitich fynt dat it sa gongen is en dat de buert net yn it foar ynformearre is. Doel is dat allinnich twa populieren kappe wurde. De oare beammen wurde snoeid. Elkien hat besletten dat der moandei meiwurkers fan Elkien binne om de bewenners te ynformearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)