Bewenners tsjin sloop Almenum

25 sep 2014 - 14:56
  • Almenum Harns

Bewenners fan wensoarchsintrum Almenum yn Harns meitsje harren soargen oer de mooglike sloop fan it kompleks. De bewennersferiening hat in petysje opsteld tsjin de ferhuzing nei in oare lokaasje. Dy is troch 170 minsken ûndertekene.

No wenje de bewenners oan it Van Harinxmakanaal en binne se samar yn de stêd. Op it nije plak soene se neist in skoalle komme te sitten en moatte se in drokke dyk oerstekke om yn it sintrum te kommen. Dat is te gefaarlik mei rolstuollen en rollators, fine de bewenners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)