Bewenners tsjin opfang Zienn

06 jul 2009 - 22:49

De bewenners fan de Ljouwerter wenwyk Cambuursterhoek drigje mei aksjes as der nochris 24 minsken opfongen wurde moatte yn de wyk. Dat is de ynstelling Zienn fan doel.

Zienn helpt minsken dy't net goed foar har sels soargje kinne en siket tydlik in plakje foar de groep. Kees van Anken fan Zienn tinkt oan in jier. Jeugdsoarch Fryslân en de Stifting Kuno van Dijk sitte lykwols ek al yn de wenwyk mei opfang fan probleemjongeren en drugsferslaafden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)