Bewenners Talma Hoeve lilk oer hoe't sluting bekend makke is

12 nov 2014 - 13:37
  • Bewenners Talma Hoeve
  • Talma Hoeve yn Feanwâlden

Bewenners fan Talma Hoeve yn Feanwâlden binne lilk oer hoe't de sluting fan it soarchsintrum bekend makke is. Pasana slút de kommende jierren in tal lokaasje fanwege besunings. Ek Talma Hoeve mei 62 keamers moat ticht. It beslút ropt in soad reaksjes en emoasjes op.

Foar it behâld fan it ferpleechhûs waard al in Facebook-aksje en petysje online set. No litte de bewenners fan it hûs foar it earst fan har hearre. Offisjeel binne sy noch hieltyd net goed op de hichte brocht fan wat har te wachtsjen stiet.

Ek yn Hollum op it Amelân en Ternaard dêr't soarchsintra slute, komme minsken yn ferset. De bewenners moatte der net oan tinke om te ferhúzjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)