Bewenners Talma Hoeve behâlde

05 nov 2014 - 20:06
  • Talma Hoeve yn Feanwâlden

De bewenners fan soarchsintrum Talma Hoeve yn Feanwâlden soene mooglik in plakje krije kinne yn Talma Hûs yn datselde plak. Dat fynt wethâlder Roelof Bos fan de gemeente Dantumadiel. Woansdei waard bekend dat soarchgroep Pasana trije fan de acht fersoargingshuzen slút. Dêr heart Talma Hoeve ek by.

Wethâlder Bos wol hjiroer yn petear mei de direksje fan Pasana. Neffens him soe de ferhuzing fan de bewenners fan Talma Hoeve nei Talma Hûs in goede set wêze, omdat de bewenners dan yn itselde doarp wenjen bliuwe kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)