Bewenners Suderbuorren wolle twadde tagongsdyk

28 maaie 2015 - 13:27
  • Sa komt it akwadukt derút te sjen

De wenwyk Suderbuorren yn Ljouwert wol dat der in twadde tagongsdyk komt. De 6000 bewenners moatte no oer de Drachtsterwei de wyk yn of út. Se hawwe in soad oerlêst fan de oanlis fan it nije akwadukt by de Drachtsterbrêge. It soe boppedat gefaarlik wêze om't helptsjinsten ek fêst komme te stean yn de drokte.

As de oanlis fan it akwadukt klear is, binne de problemen noch net foarby. De bewenners moatte dan sûnder help fan de ferkearsljochten ynfoegje yn it drokke ferkear op de Drachtsterwei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)