Bewenners poater nei brân

13 jun 2011 - 07:37
  • Foto: Robertjan Boonstra, www.nieuwsuitfriesland.nl

De plysje is op syk nei de bewenners fan in hûs oan 'e Biltsestrjitte yn Ljouwert dat moandeitemoarn betiid folsein útbaarnde. De fertochten wiene koart foar de útslaande brân yn 'e auto útnaaid.

De brân ûntstie moarns om fiif oere hinne. De brânwacht wie der op tiid by, mar koe neat mear dwaan oan de útslaande brân. Yn it hûs binne oerbliuwsels fan in himpkwekerij fûn. De plysje hat in boargernetaksje op tou set om de bewenners te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)