Bewenners mear belûke by wyk

18 apr 2011 - 15:38
  • Foto's: Omrop Fryslân

Ynwenners fan de Frijheidswyk yn Ljouwert binne noch te min belutsen by de eigen wenwyk. Dat sei wethâlder Thea Koster moandei op in byienkomst oer de stedsfernijing dêr't de ôfrûne tsien jier oan wurke is.

Koster konstatearret dat no't der hûnderten nije wenten, in nij winkelgebou en in mienskipssintrum boud binne, it tiid wurdt de bining tusken de 3500 bewenners te fergrutsjen. De gemeente wol dat mei spesjale projekten stimulearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)