Bewenners Heechterp sûner

25 feb 2014 - 14:04
  • Wykbewenners kinne fergees in kursus hurdrinnen folgje
  • Wyksintrum Heechterp-Skieringen
  • De wurkpleats yn it wyksintrum
  • De yngong fan de wurkpleats oan de achterkant fan it wyksintrum

Bewenners fan de Ljouwerter Vogelaarwyk Heechterp-Skieringen fiele har folle sûner as fiif jier lyn. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Akademysk Medysk Sintrum yn Amsterdam. De útkomst is opmerklik, want de trochsneed-Nederlanner fielt him sûnt it begjin fan de krisis krekt minder sûn as foarhinne.

Aktiviteiten lykas in kursus hurdrinnen, in anty-smookkursus en de oanlis fan in buerttún hawwe bydroegen oan it ferbetterjen fan de sûnens yn de wyk, tinkt foarsitter Fridus van den Berg fan it wykpanel.

Van den Berg tinkt dat de sûnens ferbettere is trochdat in soad wykbewenners no folle aktiver binne as fiif jier lyn. Trochdat de bewenners mear sosjale kontakten hawwe en aktiver binne, fiele de minsken har ek better. Dochs bliuwt der wol wat te winskjen oer. It wykpanel wol graach in konsultaasjeburo en in húsartspost nei it wykgebou helje. It ryk is in pear jier lyn ophâlden mei de ekstra stipe oan 'krachtwiken' as Heechterp-Skieringen. Undersiker Karien Stronks fan it AMC fynt dat spitich, benammen fanwege de positive effekten fan it beleid op de folkssûnens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)