Bewenners Grouster Baai lilk

27 sep 2004 - 15:36

De bewenners fan de Grouster wyk de Baai ha har nocht. Se wolle net langer wachtsje op de sanearing fan de fersmoarge grûn ûnder har huzen. De bewenners ha no in iepen brief skreaun oan de gemeenterie fan Boarnsterhim.

Acht jier lyn waard ûntdutsen dat de grûn fersmoarge is, mar dy leit der noch altiten. As kompinsaasje hoegden guon bewenners de ûnreplik guod belesting net te beteljen. No wol de gemeente dy belesting dochs noch hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)