Bewenners flat noch net werom

24 maaie 2011 - 12:47

It is noch mar de fraach oft de 160 bewenners fan de Antillenflat yn Ljouwert op koarte termyn werom kinne nei harren wenning. Net earder as tongersdei komt der mear dúdlikheid oer de oarsaak fan it delstoarten fan in part fan de galerij fan de flat. Dat is tiisdei dúdlik wurden op in parsekonferinsje fan de gemeente.

Mooglik wurdt der woansdei wat guod lykas klean en medisinen út de wenningen helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)