Bewenners betelje gjin hier

26 aug 2013 - 17:30
  • Wetteroerlêst yn wenwyk De Wrongel yn Easterwâlde

Bewenners fan nijbouwyk De Wrongel yn Easterwâlde wolle wenningbouferiening Actium gjin hier mear betelje. De bewenners binne fan doel om de hier foarearst del te lizzen by de notaris oant it momint dat Actium in ein makke hat oan de wetteroerlêst yn de wenwyk. Actium hat de bewenners de ôfrûne maitiid tasein dat de problemen dizze simmer oplost wurde soene, mar is dêr net yn slagge.

Der is besocht drainaazje oan te lizzen yn de wyk, mar dat slagge net omdat der tefolle pún en beton yn de grûn sit.

It beton is nei alle gedachten fan it eardere suvelfabryk de ZuidOostHoek. Sûnt de mislearre drainaazje is neat mear dien om de problemen op te lossen. Buertbewenners wolle no de druk op de ferhierder ferheegje. Wenningbouferiening Actium seit yn in reaksje op in plan fan oanpak te wachtsjen fan boubedriuw BAM.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)