Bewenners betelje foar pont

11 jun 2010 - 17:10
  • De pont nei De Burd (foto: argyf Omrop Fryslân)

Bewenners fan eilân De Burd by Grou moatte betelje foar it gebrûk fan de gemeentlike fearpont nei de fêste wâl. In bewenner begûn in rjochtsaak by de belestingkeamer fan de Ljouwerter rjochtbank en hat dy ferlern.

Neffens de bewenner is yn 1960 ôfpraat dat minsken op it eilân net betelje hoechden foar de pont, mar yn 2008 krige hy dochs in belestingoanslach foar de pont. Neffens de rjochter is de ôfspraak sa lang lyn dat de gemeente der no wol ûnderút kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)