Bewenners bepale ynrjochting dyk

28 maaie 2003 - 00:00

40 bewenners fan de Foarwei yn Kollumersweach meie sels bepale hoe't har strjitte op 'e nij ynrjochte wurde moat. Dêrfoar organisearret de gemeente Kollumerlân foar harren in bustocht troch Fryslân en Grinslân om ferskate foarbylden fan ferkearsoplossingen te besjen.

Kollumersweach soe de Foarwei ferline jier al ferbetterje, mar dat waard in jier útsteld om't de bewenners ynspraak ha woene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)