Bewenners Antillenflat werom

03 des 2011 - 12:03

De earste bewenners fan de Antillenflat yn Ljouwert dy't yn maaie ferhúzje moasten fanwege it ynstoarten fan de galerijen, binne wer te plak. Hylkje Kooistra waard as earste ferhuze. Tachtich gesinnen en allinnichsteanden hawwe in heal jier yn in oar hûs fan de wenningboukorporaasje of by in oar wenne.

Mei in spesjale ferhúslift waard it guod nei boppen brocht. Dat wie in hiele operaasje, om't it sneontemoarn striemin waar wie. Net alle âld-bewenners komme werom. Guonts doare it net oan mei de nije galerijen of se binne ûntefreden oer de wenningboukorporaasje. De ferhuzing fan alle bewenners dy't weromkomme, moat foar de krystdagen klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)