Bewenners Antillenflat werom

28 nov 2011 - 14:48

Bewenners fan de Antillenflat yn Ljouwert hawwe moandei de kaai fan harren hûs wer krige. De fernijing fan de galerij en de balkons is hielendal klear.

Yn april foel in part fan de galerij nei ûnderen troch betonrot en ruskjend izer. De bewenners - 51 mei in hierwente en 49 mei in keapwente - koene net werom, want dat wie te gefaarlik. Nei in flinke opknapbeurt is it no feilich om werom te gean. Tolve húshâldings komme net werom yn de Antillenflat. It giet foaral om senioaren dy 't in better wenplak fûn hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)