Bewenner trapearret ynbrekker yn Ljouwert

29 jul 2015 - 10:41

De bewenner fan in hûs oan de Andringastate yn Ljouwert hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei in ynbrekker trapearre. De ynbrekker besocht om fia de foardoar binnen te komnen, doe't de bewenner him steurde. Om't de bewenner hurd raasde, naaide de ynbrekker út.

In ynbraak yn in hûs oan it Dragoonsplein slagge wol. Dêr binne justermiddei in laptop, munten en sulveren leppeltsjes stellen. De plysje freget tsjûgen harren te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)