Bewenner soarchynstelling fernielt 41 auto's op De Sweach

13 maaie 2015 - 11:03
  • De yngong fan Talant oan De Wissel

In 27-jierrige bewenner fan in soarchynstelling yn Beetstersweach hat tiisdei mei in houten balke 41 auto's oan De Wissel fernield. Yn de measte gefallen gie it om de autoruten, dy't mei de balke ynslein waarden. De plysje hat de man mei help fan pepperspray oermastere. Hy is meinaam nei it plysjeburo en sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Oan strjitte De Wissel is de yngong fan in grutte festiging fan soarchynstelling Talant.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)