Bewenner ferwûne nei oerfal

05 nov 2012 - 22:08
  • oerfal

Twa maskere minsken hawwe moandeitejûn in wenning oan de Van Harenstraat yn Wolvegea oerfallen. De 72-jierrige bewenner rekke dêrby ferwûne. De fertochten kamen om kertier foar njoggenen hinne de wenning fan de man yn. Se mishannelen him en namen jild, sieraden en syn Mercedes mei. Dêrnei naaiden se út.

De bewenner koe bûten in foarbygonger warskôgje. De Mercedes waard eefkes letter sjoen op de A32, by Terbant. Achter it stjoer siet in 21-jierrige frou út Zevenhuizen. Sy is oppakt. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.

Nei de oare fertochten wurdt noch socht. Mooglik binne der noch mear minsken by belutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)