Bewegingscentrum Drachten is sportskoalle fan it jier

16 mrt 2015 - 21:54

Bewegingscentrum Drachten is moandei útroppen ta fitnessclub fan it jier. De sportskoalle fan de broer fan Cambuurtrainer Henk de Jong fersloech ûnder oare sportskoallen út Amersfoort, Delft en Almere.

Minsken koene op ynternet stimme op de sportskoallen. Se moasten dêrby sifers jaan foar de sfear, de meiwurkers en it oanbod oan fasiliteiten. It Bewegingscentrum krige yn de finale mear as 1500 stimme, dy't in totaalskoare fan mar leafst 9,6 op papier setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)