Beweging lulk op Ter Horst

29 nov 2007 - 11:08
  • Minister Ter Horst fan ynlânske saken: gjin respekt foar it Frysk?
  • De harksit fan de Ried fan Europa yn it provinsjehûs earder dit jier

De Ried fan de Fryske Beweging is lulk op minister Ter Horst fan Binnenlânske Saken. Neffens de ried hat sy net genôch respekt foar it Frysk.

De minister soe in rapportaazje oer hoe't it giet mei it Frysk te let oan de Rie fan Europa stjoerd ha. De leden fan de rie krigen it rapport in pear oeren foardat se der oer fergaderje moasten. Se koenen har dêrtroch net goed tariede. De ried hat Ter Horst in brief stjoerd mei de krityk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)