Bewegen Frysk bern ûndersocht

11 maaie 2006 - 10:24

Sport Fryslân begjint mei in ûndersyk ûnder Fryske bern, nei sport en bewegen. Freed krije sa'n 1500 bern fan 14 basiskoallen dêrfoar in fragelist. Mei it ûndersyk wol Sport Fryslân in better byld krije fan sportdielname en bewegen by bern.

De fragen geane ek yn op lichemskenmerken, om sa de gearhing te besjen tusken bewegen en fysike kenmerken. Begjin july hopet Sport Fyslan mei de útkomsten te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)