Beweechbere Prins Hendrikbrêge smyt eins gjin foardielen op

16 feb 2016 - 18:33
  • De Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert is no in fêste brêge

De kâns dat de Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert ea beweechber makke wurdt, is lyts. Ut ûndersyk dat dien is yn opdracht fan de gemeente docht bliken dat it beweechber meitsjen fan de brêge eins gjin ekonomyske foardielen opsmyt. De foarstanners sizze dat it ekstra toeristen opsmyt trochdat der mear wettersporters nei de stêd komme.

Neffens it ûndersyk is dat allinnich it gefal as ek alle oare brêgen op de rûte oanpakt wurde. Dy brêgen soene dan de hiele dei troch iepen en ticht kinne moatte en dat hat grutte gefolgen foar it oare ferkear.

Ljouwert soe dêrtroch minder oantreklik wurde foar bygelyks minsken dy't mei de auto komme. It iennige foardiel fan it beweechber meitsjen fan de Prins Hendrikbrêge soe wêze dat it der moaier út komt te sjen. De gemeenteried praat meikoarten oer de útkomsten fan it ûndersyk.

Lês hjir de brief fan de gemeente Ljouwert oer de Prins Hendrikbrêge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)