Bewapenje tsjin kriminaliteit

18 jan 2005 - 15:05

Bewenners fan de Werkmanslust yn Ljouwert wolle har bewapenje om kriminaliteit yn de strjitte tsjin te gean. Dat skriuwt ien fan de bewenners yn in brief oan boargemaster Dales.

Hast elkenien yn de strjitte is wol konfronteard mei geweld. Der wurde geregeld auto's iepenbrutsen en minsken oerfallen. De bewenners wolle harsels ferdigenje. Se tinke der ek oan om útsmiters yn te hieren. It CDA yn Ljouwert stelt fragen oer de kwestje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)