Bewâldfierder by masinefabryk

11 aug 2006 - 12:58

Yn de surceance fan betelling by masinefabryk Betelgeuze yn Ljouwert is in bewâldfierder oansteld. It is Mr. Geense. Hy wol takom wike dúdlikheid hawwe oer de takomst fan it bedriuw.

By Betelgeuze wurkje 46 minsken. It bedriuw makket masines foar de tsiisyndustry. De problemen soene ûntstien wêze omdat der te min opdrachten kamen. It is noch net dúdlik oft de leanen dizze moanne betelle wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)