Bewâldfierder foar Cambuur

26 apr 2006 - 00:00

Wim Entzinger, âld-foarsitter fan FC Grins is beneamd ta bewâldfierder by Cambuur. Hy moat de surséânse fan betelling útfiere dy't tiisdei troch de Ljouwerter rjochtbank ferliend is.

Mr. Entzinger is ferbûn oan it Grinzer advokatekantoar Plas en Bossinada. Syn spesjalisaasje is bedriuwssanearing en arbeidsrjocht. Hy is lid fan de seksje betelle fuotbal fan de KNVB. Entzinger hat FC Grins troch in drege finansjele perioade hinne holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)