Bewaking foar Foekje-guod

23 aug 2011 - 14:01
  • De medaljes fan Foekje Dillema

Der komt ekstra bewaking by de foarstelling Draaf Foekje Draaf, begjin septimber yn De Harmonie yn Ljouwert. De inisjatyfnimmer fan de foarstelling hat dat besletten fanwege de stellerij fan in tal medaljes fan atlete Foekje Dillema.

In freondinne fan Dillema hie de medaljes thús, mar by har waard ynbrutsen. De dief hat de gouden en brûnzen medaljes stellen, de sulveren binne der noch. Dy binne te sjen by de tentoanstelling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)