Beverwikers molestearje man

12 jun 2010 - 15:04

Twa ynwenners fan Beverwyk binne ôfrûne nacht oanhâlden omdat se geweld brûkt hiene tsjin in 21-jierrige man út Riis. It slachtoffer belle sels de plysje neidat er op in parkearplak yn Balk rûzje krigen hie mei de fertochten út Beverwyk. Se sloegen in rút yn fan de auto fan de man út Riis en botsten tsjin de foarkant fan syn auto.

De plysje hat de fertochten úteinlik oantroffen op De Jouwer en oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)