Bever wer werom yn Fryslân

31 aug 2014 - 16:17
  • Bever yn it midden fan Nederlân

De bever is foar it earst yn 350 jier wer yn Fryslân werom. Saakkundige Harrie Bosma fan de otter- en beverwurkgroep fan de Zoogdierenverening hat it bist tongersdeitenacht tusken Sint Nyk en Langwar filme yn in kamerafal. Wêr't it krekt is, wol Bosma net kwyt om fersteuring foar te kommen.

Bosma fûn de bever nei in melding fan omwenners. De bever is al begûn mei it bouwen fan in burcht. Bosma tinkt dat de bever fan de Súdlaarder Mar of it Kampereilân komt. Neffens Bosma giet it om ien, solitêr reizgjende, jonge bever.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)