Beurzen yn hynstesintrum

12 maaie 2005 - 06:52

Yn it Frysk Kongres Sintrum, it eardere hynstesintrum, yn Drachten meie yn de takomst 12 kear beurzen en útstallings organisearre wurde. Smellingerlân wol meiwurkje oan it oanpassen fan it bestimmingsplan fan it sintrum.

De aktiviteiten dy't der oant no ta organisearre wurde meie, moatte te krijen ha mei hynstesport. De Stebo- groep, eigner fan it sintrum, wol oare aktiviteiten hâlde om mear ynkomsten te krijen, mar fynt tolve te min.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)