Beurs Huis en Tuin yn WTC Expo giet dit jier net troch

12 jan 2016 - 12:15
  • De eardere beurs Huis & Tuin yn it WTC Expo

De beurs Huis en Tuin yn it WTC Expo yn Ljouwert giet dit jier net troch. Der is te min belangstelling fan eksposanten om in goede beurs del te setten, lit de organisaasje witte.

De ekonomyske krisis fan de ôfrûne jierren soarge derfoar dat der de lêste edysjes al wat minder eksposanten wienen. No tinkt it WTC net genôch dielnimmers te hawwen om in kwalitatyf goede beurs hâlde te kinnen. De organisaasje hat yntusken de eksposanten ynformearre. De kommende tiid wurdt it konsept fan de Huis en Tuin beurs tsjin it ljocht hâlden.

It doel is wol dat de beurs, faaks yn in oare foarm, weromkomt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)