Bettere tiden foar skieppemerk

15 okt 2000 - 15:43

It giet wer better mei de skieppehâlderij. De prizen foar wol, hûden en fleis binne it ôfrûne jier goed omheech gien. Boppedat wol minister Brinkhorst de skieppehâlders gjin djoere dongregels oplizze.

It hâlden fan skiep hat in skoft ûnder druk stien. Troch ymport fan Britske skiep naam de fraach nei Nederlânske ôf. It tal skiep is mei 30% sakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)