Bettere sprieding ambulânses

12 des 2013 - 08:38

Der komme mear ambulânseposten by yn Fryslân en de posten wurde ek better oer de provinsje spraat. Op dy wize kin yn de takomst de lanlik stelde 95% noarm by spoedritten helle wurde. Dit betsjut dat de ambulânse yn 95% fan de gefallen binnen 15 minuten te plak is.

Der komme posten by op De Jouwer, yn Grou, yn Frjentsjer en yn de regio Aldhoarne. De post yn Burgum ferhuzet nei Noardburgum. Troch de bettere sprieding kin de oanrydtiid yn trochsneed 1 minút koarter wurde.

It is de bedoeling dat de nije ambulânsepost op De Jouwer begjin takom jier iepene wurdt. Op it lêst ein 2015 moatte alle nije posten yn operasjoneel wêze. Troch de nije posten komme der 22 banen by. It giet om ferpleechkundigen en sjauffeurs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)