Bettere soarch foar dôve, ferstanlik beheinde bern

20 jan 2015 - 06:26

Soarchorganisaasje Talant sil gearwurkje mei kollega-organisaasje Keninklike Kentalis om de soarch foar dôve bern mei in ferstanlike beheining te ferbetterjen. De gearwurking moat der foar soargje dat de soarch foar dizze bern ek trochgiet as se folwoeksen binne. De kombinaasje fan dôvens en in ferstanlike beheining makket it foar dizze groep dreech om in goed wenplak te finen.

Talant sil de jongeren dy't útbehannele binne by Kentalis yn de takomst in wenplak jaan, dêr't se deselde spesifike soarch krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)