Bettere ruterpaden yn park

05 des 2012 - 11:26

De rûtebeskriuwing foar ruters yn it Drents-Friese Wold is fernijd. De kâns om it paad bjuster te reitsjen is dêrmei lytser. De bettere beskriuwing is ûnderdiel fan in jierlikse opknapbeurt fan it nasjonale park. Steatsboskbehear, de provinsje Drinte en rekreaasje Drinte stelle jild beskikber foar ûnderhâld en ferbetterjen fan de rûtes. Frijwilligers ha holpen mei it fernijen fan ûnder oare rûtepealtsjes en it ticht meitsjen fan gatten yn de ruterpaden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)