Bettere psychiatryske soarch âlderen en hendikepten

11 feb 2015 - 11:14

Soarchgroep Alliade en OuderenPsychiatrieFriesland (OPF) sille yntinsyf gearwurkje om bettere psychiatryske soarch en stipe te jaan oan âlderen en hendikepten yn Fryslân. Sa wurdt it mooglik om ek de minsken binnen de hendikepte soarch fan Talant en de âldereinsoarch fan Meriant goede psychiatryske soarch te bieden.

Boppedat sille psychiaters de wyk en doarpen yn om yn te spyljen op de feroarings yn de soarch. It doel is dat âlderen en minsken mei in beheining hieltyd langer thús wenjen bliuwe kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)